FC Nostalgia

foto's en filmkes yn wurden fongen

FC Nostalgia voorzijde
FC Nostalgia achterzijde
  • FC Nostalgia voorkant
  • FC Nostalgia achterkant

It like as moast Romke Toering yn sân hasten in punt achter it libben sette. En wat dogge jo dan mei de tiid dy’t der noch is? Romke pakte de pinne op en begûn te skriuwen dat it sta sei: koarte en langere ferhaaltsjes, gedichtsjes somtiden, in oade oan heit en mem, pakes en beppes, de bakker, de buorlju en al dy oaren dy’t meielkoar de mienskip foarmen yn syn bertedoarp Easterlittens. In berneboek foar âlderen, mei in protte foto’s út in tiid dy’t west hast. Bylden yn wurden fongen. Werkenber foar minsken út de greidhoeke, mar ek fier dêrbûten. ‘Deis in pear oerkes omdolle yn in Greidhoekster ferline, as in punt achter it libben wie gjin straf. In emosjoneel Doel en Treast.’ Romke Toering (1947) wie akteur, regisseur, oersetter en skriuwer fan Fryske toanielstikken, û.o. by Tryater en it iepenloftspul fan Jorwert. Yn 1987 krige er de Obe Postmapriis foar syn oersettingen nei it Frysk fan toanielstikken foar Tryater út 1984-1986. Yn 2003 ûntfong er de Fedde en Martha Bergsmapriis foar Frysk toaniel foar it stik Baarderlân oer de delgong fan de feehannel dat letter ek as boek ferskynd is.

Specificaties
ISBN/EAN 9789493318076
Auteur Romke Toering
Uitgever Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Taal Westerlauwers Fries
Uitvoering Paperback / gebrocheerd
Pagina's 192
Lengte 231.0 mm
Breedte 174.0 mm

Wat vinden anderen?

Er zijn nog geen reviews van dit product.